Gebrûk ynformaasje foar boeking of fersyk
At jo fia de site in reis, flecht of oar produkt boeke, of at jo in ynformaasjefersyk nei ús opstjoere, wurde jo fersocht persoanlike gegevens yn te fieren as namme, adres en e-mail adres. Foar in boeking sille ek noch spesifike gegevens fan belang foar de reis oan jo frege wurde. Ynformaasje dy’t jo altyd ynfolle moatte is markearre mei in stjerke (*), de oare ynformaasje kinne jo op frijwillige basis ynfiere.
De troch jo ynfierde ynformaasje sil brûkt wurde foar it ôfhandeljen fan it fersyk c.q. it útfieren fan de boeking en de betelling. Troch jo ynfierde ynformaasje sil teffens troch ús opnommen wurde yn de klantedatabase fan Reisburo Klooster. De ynformaasje sil dan troch Reisburo Klooster brûkt wurde foar safier needsakelik foar doelen as fierderop beskreaun, of it moat wêze dat jo oan ús oanjûn hawwe dat jo net winskje dat jo gegevens dêrfoar brûkt wurde.
Up-to-date hâlde fan jo gegevens
At der wat wizige is yn de persoanlike ynformaasje dy’t jo oan ús jûn hawwe, hearre we dat graach sa gau mooglik. Stjoer de wizigingen a.j.w. nei reisburo@kloosterreizen.nl.
Gebrûk foar ferbetterjen en persoanalisearjen
site en tsjinsten
De troch jo op ús site efterlitten ynformaasje kin troch Reisburo Klooster brûkt wurde om ús site en tsjinsten te ferbetterjen en foar jo persoanliker en oantrekliker te meitsjen. Teffens kinne we jo gegevens foar statistyske en marketingdoelen op aggregearre / anonimisearre nivo brûke.
Gebrûk foar stjoeren fan oanbiedings en ynformaasje
Reisburo Klooster hâldt jo graach op de hichte fan ynformaasje oer ús, ús sakepartners en/of tredden, of docht jo graach oanbiedings, dy’t foar jo ynteressant wêze kinne. Dit dogge wij mei in nijsbrief, dêr’t jo je foar ynskriuwe kinne.