Hjirûnder fine jo de meast stelde fragen oan Eeldespesjalist.nl. Ha jo dôchs noch fragen dan sitte ús betûfte reisspesjalisten foar jo klear! Fia nûmer 050-8200933 kinne jo yn kantoaroeren alle ynformaasje krije dy’t jo noch nedich hawwe!
1. Wat is Eeldespesjalist.nl ?
Antwurd
Eeldespesjalist.nl is in inisjatyf fan Klooster Reizen B.V. Dit is ien fan de gruttere selsstannige reisadvysburo’s yn Nederlân en bestiet al 40 jier. Yn 2001, 2002, 2009, 2010, 2011 waard Klooster Reizen B.V. útkeazen ta it “Reisburo fan it Jier” fan Grins. Yn 2012 waard it bedriuw keazen ta ‘It bêste reisburo fan Nederlân’. Eeldespesjalist.nl biedt har besikers de service om fakânsjes en tickets te sykjen en te boeken fan Grins Airport Eelde ôf.
2. Is it reisoanbod op de site aktueel en kompleet?
Antwurd
Wij biede jo it meast aktuele, meast komplete en meast foardielige oanbod oan fakânsjes, last-minutes en sjarterflechten, ôfreizgjend fan Grins Airport Eelde. Jo boeke fia in tige renommearre reisburo dat oanslúten is by de ANVR en de SGR, by echte spesjalisten mei in protte ûnderfining, sadat it ôfhandeljen fan jo boeking oan alle jildende easken foldocht.
3. Hoe giet in online boeking eins krekt?
Antwurd
Nei’t jo de fakânsjebestimming en ôfreisdatum selektearre ha, folgje jo simpelwei de fierdere stappen. Klik op “OK” om fierder te gean nei’t jo de pagina korrekt ynfold hawwe. Pas nei’t jo yn de lêste stap (“Betelje”) op “Dizze reis no boeke” klikt hawwe is jo boeking definityf. Nei’t jo online jo fakânsje boekt hawwe, nimt íén fan ús reisadviseuses altyd noch even kontakt mei jo op om de boeking mei jo troch te nimmen en eventuele fragen te beäntwurdzjen.
4. Hoe wit ik oft myn boeking definityf is?
Antwurd
Jo krije nei jo boeking in befêstiging mei de e-mail tastjoerd, wêr’t jo reservearringsnûmer yn stiet. Nei ûntfangst fan dy e-mail is jo (online) boeking definityf (útsein as it om in oanfraach giet; sjoch ek fierder by dizze fragen).
5. Wat binne de betelmooglikheden fia de website?
Antwurd
Jo kinne betelje fia in (telefoanyske of ynternet) oerboeking. Jo kinne direkt online betelje mei it betelsysteem fan de grutste Nederlânske Banken, iDEAL. Jo kinne fluch, maklik en feilich betelje fia ynternetbankieren fan jo eigen bank (Rabobank, ABN Amro, SNS Bank, Postbank of ING). Mei jo creditcard kinne jo ek feilich en fertroud betelje. Wij akseptearje Visa, Eurocard en Mastercard creditcards. Oan it beteljen mei in creditcard binne wat kosten ferbûn. NB: Hawwe jo de fakânsje mear as 6 wiken yn ’t foar boekt, dan kinne jo derfoar kieze earst in oanbetelling te dwaan en seis wiken foar ôfreizgjen it restant te foldwaan. Kies dan de opsje “Telefoanyske oerboeking”. Jo krije dan fan ús in befêstiging fan al jo betelgegevens.
6. Hoe kin ik jim berikke?
Antwurd
At jo by ús boekt hawwe en jo hawwe in fraach of der is in needsituaasje, dan kinne jo ús berikke fia ús reguliere nûmer 050-8200933. Hjir binne we alle dagen berikber fan 09.30 – 18.00 oere, op freed oant 21.00 oere en sneons fan 10.00 – 17.00 oere. Teffens hawwe we foar al ús klanten in spesjaal neednûmer, sadat we 24 oeren deis berikber binne, in feilich idee!
7. Binne alle oanbiedings en flechten op de site up-to-date?
Antwurd
Alle oanbiedings, ynformaasje en tariven komme (streekrjocht) út in online database en binne sadwaande altyd up-to-date. Dizze database wurdt alle minúten ferfarske en oanbiedings dy’t net mear te boeken binne wurde der ôfhelle.
8. Wat betsjut it at in reis ‘op oanfraach’ is?
Antwurd
At der yn de boeking stiet dat jo de reis oanfreegje kinne, betsjut it dat de reis net direkt boekt wurde kin. Jo krije yn trije wurkdagen (faak earder) berjocht fan ús dat de reis boekt wurde kin. Yn dat gefal is de boeking definityf. At dit net it gefal is kinne jo sûnder mis fan de reis of in eventueel oanbean alternatyf ôfsjen.
Stiet jo fraach of it antwurd der net tusken? Belje ús dan of nim kontakt mei ús op fia de mail.