Berikberens en parkeare

Google map can not be displayed. An API key is required. Please see Settings > Symple Shortcodes for more info.

 

Grins Airport Eelde leit op likernôch 15 kilometer ôfstân fan Grins. De lofthaven is goed berikber. Fan de lofthaven binne Grins en Assen mei de auto maklik te berikken fia de A28 (Grins – Assen), ôfslach 37. Klik hjir om de plattegrûn (pdf) fan de regio fan de lofthaven te downloaden. Klik hjir om de plattegrûn (pdf) fan de lofthaven te downloaden. Mear ynformaasje oer Grins Airport Eelde fine jo op www.gae.nl. It adres fan de lofthaven is: Grins Airport Eelde nv, Machlaan 14a, 9761 TK Eelde.

Berikberheid mei it iepenbier ferfier
Jo kinne mei de bussen fan Arriva de lofthaven berikke. Line 52 (Grins- Eelde) stoppet foar de lofthaven. Reizgers út de rjochting Assen kinne mei Line 51 (Assen – Grins) ride oant De Punt. Fan De Punt ôf is it likernôch 0,5 kilometer fan de lofthaven. Op De Punt kinne jo oerstappe op line 52 sadat jo foar de lofthaven ôfsetten wurde. Sjoch foar mear ynformaasje oer de berikberens, oankomst- en ôfreistiden op www.9292ov.nl of belje 0900-9292(€ 0,50/min).

In taksy reservearje
Foar it bestellen fan in taksy fan en nei Grins Airport Eelde kinne jo kontakt opnimme mei:

Taksysintrale Grins: +31 (0)6 4610 9725
Taksy Vrieswijk: +31 (0)50 534 0000
Taksybedriuw Xitax: +31 (0)50 850 7283
Taksy Damkat: +31 (0)6 1652 5994
WereldTaxi: 06 – 57 11 17 77
Eminint Persoanlik Ferfier : 06 – 205 380 57

Parkeare op Grins Airport Eelde is betelber en oersichtlik. Foar langparkearders is der ek genôch romte. De passagiersterminal is goed te berinnen fan alle parkearplakken ôf. Jo wurde fersocht jo auto op ien fan de parkearplakken te parkearen. Bûten dy parkearplakken is it ferbean te parkearen; it wurdt strang kontrolearre. Dit yn ferbân mei de feilichheid yn en om de lofthaven.
P1 & P2: dizze parkearplakken lizze foar de terminal. Foar it restaurant en midden op it parkearterrein steane betelautomaten. Foar de terminal op P1 binne der spesjale parkearplakken foar beheinden.

P4 Lang parkeare: at jo langer as 1 dei parkeare wolle, dan kin dit op P4. P4 is sletten at der gjin flechten binne. It terrein iepenet 2 oeren foar it fuortgean fan de earste fakânsjesjarter en slút in heal oere nei de lêste ynkommende of útgeande flecht. Wij riede jo oan om altyd earst reisgenoaten en bagaazje ôf te setten foar de terminal en dan te parkearen. Yn it wykein en yn it wintersseizoen (oant mids april) kinne jo parkearen op P2. Op it parkearterrein P4 stiet ek in betelautomaat.

P3: besikers haadkantoar Grins Airport Eelde. Besikers dy’t in ôfspraak hawwe op it haadkantoar kinne parkeare op P3. At jo it terrein opride, ride jo rjochttroch op it wite gebou ôf (de dyk bûget nei links). Dêr kinne jo je melde by de slachbeam dy’t de tagong is fan it parkearterrein.