Algemiene betingsten

At jo reservearje, betsjut it dat jo akkoart binne mei de ANVR & SGR en de betingsten fan Klooster Reizen B.V. It is dêrom belangryk dat jo dy betingsten goed lêzen hawwe foar’t jo de boeking meitsje. Klooster Reizen B.V. giet der, at jo in fersekering ôfslúten ha, fan út dat jo op de hichte binne fan de fersekeringsbetingsten. Dêrneist giet Klooster Reizen B.V. derfan út dat jo de reisynformaasje op de website en yn de befêstiging lêzen hawwe. Hjirûnder fine jo de ferskillende betingsten dy’t Klooster Reizen B.V. hantearret.

Reservearje
Op it stuit dat jo alle gegevens trochjûn ha en akkoart binne mei de betingsten, beskôget Klooster Reizen B.V. dat as in definitive boeking. By wizigings en annulearringen wurde de ANVR betingsten hantearre. In boeking op oanfraach beskôget Klooster Reizen B.V. ek as in definitive boeking.

Stichting Garantiefonds Reisgelden

Ús bedriuw is oansletten by SGR
Binnen de grinzen fan de SGR-garânsjeregeling falle de op dy ynternetsite publisearre reizen ûnder de garânsje fan SGR. De SGR-garânsje hâldt yn dat de konsumint derop oan kin it foarútbetelle reisjild werom te krijen, at syn tsjinpartij troch finansjeel ûnfermogen de oerienkommen tsjinprestaasje net neikomme kin. Foar safier’t de oerienkomst ek it ferfier ynhâldt en it plak fan bestimming al berikt is, wurdt soarge foar de weromreis.

Gjin ôfkuollingsperioade
Wij wolle jo derop wize dat boekingen dy’t jo fia it ynternet meitsje definityf binne. De saneamde ‘ôfkuollingsperioade’, dy’t yn de wet ‘keapje op ôfstân’ neamd wurdt, is net fan tapassing op fakânsjereizen.
It werroppingsrjocht fan kêst 6 yn de Algemiene Betingsten Thúswinkel is as gefolch fan kêst 8 lid 3 sub a útsluten.

Werroppen oanbod
It oanbod fan de reisorganisator is frijbliuwend en kin at it nedich is troch dizze werroppen wurde. Werroppen fanwegen korreksje fan flaters yn de berekkening fan de reissom of fan oare fouten is tastien. It werroppen moat sa gau mogelik, dôchs uterlik yn 8 (reizen nei Europa en de Middellânske Seelannen) resp. 16 (reizen nei oare bestimmingen) kantoaroeren nei oanfurdigen dien wurde ûnder opjefte fan redenen. De reizger hat yn dat gefal fuortendaliks rjocht op restitúsje fan eventueel betelle jild.

Dúdlike flaters
Dúdlike flaters en in dúdlik fersin bine de reisorganisator net. Sokke flaters en fersin binne flaters en fersin dy’t – út it perspektyf fan de gemiddelde reizger wei – op it earste gesicht op himsels te kennen wêze of wêze moatte soenen.

Reisdokuminten
It is ferbean om mei in ferrûn paspoart of identiteitskaart te reizgjen. Yn guon lannen moat jo paspoart nei thúskomst noch in bepaald oantal moannen jildich wêze. At jo net de Nederlânske nasjonaliteit hawwe, moatte jo altyd bij de ambassade fan it lân dêr’t jo hinne reizgje wolle neigean oft jo in fisum nedich hawwe. Oer de goede reispapieren beskikke, is altiten jo eigen ferantwurdlikheid. Klooster Reizen B.V. kin hjir net oanspraaklik foar steld wurde.

Reisduer
Hâld der rekkening mei dat de reisdagen altyd meitelle by it bepalen fan jo reisduer. By in 8-deiske reis binne jo dus 7 nachten op jo bestimming. It kin foarkomme dat jo troch ûngeunstige flechttiden net de folsleine reisduer op jo bestimming binne. Klooster Reizen B.V. kin nea oanspraaklik steld wurde foar ûngeunstige flechttiden.

Privacy betingsten
Klooster Reizen B.V. respektearret jo privacy en soarget derfoar dat jo persoanlike gegevens strikt fertroulik bliuwe. Alle ynformaasje oangeande persoanlike gegevens wurdt yn oerienstimming mei de Europeeske wetjouwing en Nederlânske rjochtlinen ferwurke en is te finen yn ús útwreide Privacy Statement. Mear ynformaasje oer de Wet Beskerming Persoansgegevens.

Copyright
Alle publikaasjes fan Klooster Reizen B.V. binne beskerme op basis fan ynternasjonaal auteursrjocht. Alle rjochten binne dêrom foarbehâlden. Neat út de skriftlike en digitale útjeften mei op watfoar wize dan ek fermannichfâldige wurde sûnder mei klam, foarôfgeande skriftlike tastimming fan Klooster Reizen B.V.

Kalamiteitefûns
Ús bedriuw is oansletten by de Stichting Calamiteitenfonds Reizen. Binnen de grinzen fan de garânsjeregeling fan it kalamiteitefûns falle de op dy ynternetsite publisearre reizen ûnder de garânsje fan it fûns. Dy garânsje hâldt yn dat jo as konsumint dy’t dielnimt oan in troch ús organisearre reis:
(in part fan) jo reissom weromkrije at wij de reis as gefolch fan in kalamiteit net of net folslein útfiere kinne; de needsaaklike mearkosten fergoede krije at wij as gefolch fan in kalamiteit de reis oanpasse moatte of at wij jo earder as soe repatriearje moatte. Ûnder kalamiteit wurdt ferstien in troch molest of natuerramp feroarsake abnormaal barren.

Algemiene Betingsten Thúswinkel

Skelekommisje Reizen
Klooster is der foar jo at in reis om hokker reden dan ek net oan jo ferwachting foldien hat. We hawwe sels in útwreide klachteproseduere en helpe jo wêr’t it mooglik is yn gefal fan in dispút mei in touroperator of akkommodaasjeferskaffer. Mar nettsjinsteande al ús ynspanningen kin it foarkomme dat jo der mei de reisoanbieder net út komme. Dan is it goed om te witten dat jo altyd telâne kinne by in ûnôfhinklike partij. En dat Klooster jo de wei wiist at jo help nedich hawwe mei jo klacht.

At in klacht net yntiids ta tefredenheid oplost is of at de reizger ta de saak net fan kompensaasje foarsjoen is, kin de reizger as soks winske wurdt oant úterlik trije moannen nei ôfrin fan de reis (of nei de oarspronklike ôfreisdatum) it skeel skriftlik foarlizze oan de Geschillencommissie Reizen, Postbus 90600, 2509 LP yn Den Haag. Foar mear ynformaasje sjoch www.sgc.nl.

Reklamekoade Reisoanbiedings
De reisyndustry blinket út yn it kreëarjen fan priisgaos. Troch de priisbeammen is it bosk net mear te sjen. En by net in soad prizen is it dúdlik wat no krekt wol of net ynklusyf is. Wylst jo no krekt wol witte wolle wat jo mei-elkoar betelje moatte en hoe’t dit bedrach opboud is!

Klooster biedt folsleine helderheid. Net allinnich op de website, mar yn al ús uteringen wurde jo korrekt en folslein ynformearre. En wij freegje oan ús partners krekt deselde iepenheid te jaan. Gjin ferrassingen achterôf. Foldocht in partner/touroperator net oan ús easken, dan helje we it oanbod fan de website ôf en hâlde we op mei de ferkeap. Logysk dan ek dat we ús folslein oanslúte bij de doelstellingen fan de Reklamekoade Reisoanbiedingen.

De Reklamekoade Reisoanbiedingen (RR) ferfangt mei yngong fan 1 april 2009 de Koade Reisoanbiedingen en de Reklamekoade Reisoanbiedingen, sadat der fan 1 april 2009 ôf íén Reklamekoade Reisoanbiedingen (RR) jildich is. Op basis fan dy koade moatte yn de publisearre reissom, neist de tsjinsten en foarsjennings yn de publikaasje oanjûn, de op it momint fan publikaasje bekende net foar te kommen bykommende kosten ek neamd wurde. Yn gefallen wêr’t in bemiddeler reistsjinsten fia it ynternet oanbiedt, neamt dy bij de oanbieding oft dy ynklusyf of eksklusyf reservearringskosten binne.